Taalkundich ûndersiker Frysk/Taalkundig Onderzoeker - Fryske Akademy-KNAW - Leeuwarden

Taalkundich ûndersiker Frysk/Taalkundig Onderzoeker - Fryske Akademy-KNAW - Leeuwarden

Geplaatst Deadline Locatie
12 feb 28 mrt Leeuwarden

Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 28 mrt 2021).

Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.

Functieomschrijving

Onderstaande vacaturetekst is in de Friese taal gesteld om de onderstaande functie-eisen:

  • Gepromoveerd op het gebied van de taalwetenschappen of een universitaire Masteropleiding Friese taal en cultuur of een andere relevante studie met een grote taalkundige invulling;
  • Expert op het gebied van de taalkundige kenmerken van het Fries.

Onder het kopje Ynljochtingen staan de namen en gegevens van diegene die meer informatie omtrent deze vacature kunnen verschaffen.

Wy sykje in betûfte Taalkundich ûndersiker Frysk.

De ûndersiker sil meiwurkje oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en taalkundich ûndersyk dwaan en opsette op it mêd fan it Frysk.

Funksje-ynhâld

  • It skriuwen fan wurdboekartikels foar it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek;
  • Wittenskiplik ûndersyk dwaan nei de Fryske taal. It ûndersyk sil oanslute by de ûndersykstema’s fan de Fryske Akademy en oanfoljend wêze op de projekten dy’t útfierd wurde;
  • Nije ûndersyksprojekten inisjearje en dêr regionale, nasjonale en Europeeske subsydzjes foar ynhelje;
  • Undersyksresultaten publisearje;
  • Mei-inoar gearhingjende ûndersyksprojekten koördinearje;
  • Resultaten fan it ûndersyk op (bûtenlânske) wittenskiplike kongressen presintearje;
  • Oan de falorisaasje fan ûndersyksresultaten bydrage.

Specificaties

Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW)

Functie-eisen

Funksje-easken

  • Promovearre op it mêd fan de taalwittenskippen of in universitêre Masteroplieding Fryske taal en kultuer, taalwittenskippen of in oare relevante stúdzje mei in grutte taalkundige ynfolling;
  • Ekspert op it mêd fan de taalkundige skaaimerken fan it Frysk;
  • Each hawwe foar ferskillen tusken it Nederlânsk en it Frysk en foar feroaringen yn it Frysk en yn de Fryske mienskip;
  • Sterke digitale feardichheden;
  • It Frysk folslein yn ’e macht hawwe;
  • In goed publikaasjedossier oerlizze kinne;
  • Dúdlik skriuwe en kommunisearje kinne;
  • In grut netwurk op regionaal, nasjonaal en ynternasjonaal nivo hawwe;

Arbeidsvoorwaarden

Arbeidsbetingsten
Wy biede in tydlik tsjinstferbân, leafst yngeande 1 maaie 2021, foar de doer fan 3 jier, mei mooglikheid ta ferlinging. In tsjinstferbân yn dieltiid heart ek ta de mooglikheden. Ynskaling, mei ôfhinklik fan wurkûnderfining, is neffens Ufo-profyl ûndersiker 3 (skaal 11) of ûndersiker 4 (skaal 10) fan de cao Nederlandse Universiteiten. De Fryske Akademy hat in karmodel foar arbeidsbetingsten.

Werkgever

Fryske Akademy

De Fryske Akademy is in multydissiplinêr ynstitút foar de geastes- en sosjale wittenskippen, dat him rjochtet op de kasus Fryslân. De Akademy bestudearret prosessen yn it Frysk, meartaligens, skiednis en regionale identiteit fan no en it ferline. As sadanich docht de Fryske Akademy fûneminteel en fernijend ûndersyk mei in direkt maatskiplik nut. De Akademy leveret fernijende wittenskiplike prestaasjes en ûntwikkelet digitale ûndersyksynstruminten en kolleksjes, dêr 't er de Fryske kasus foar it regionale, lanlike en ynternasjonale fuotljocht bringt. Dêrby wurket er gear mei ferskate nasjonale en ynternasjonale ynstituten. De Fryske Akademy is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) te Amsterdam.

Specificaties

  • Onderzoek, ontwikkeling, innovatie
  • Taal en cultuur
  • max. 38 uur per week
  • Gepromoveerd
  • AT2021-023

Werkgever

Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW)

Lees meer over deze werkgever

Locatie

Doelestraat 8, 8911 DX, Leeuwarden

Bekijk op Google Maps

Interesting for you