Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 28 mrt 2021).
Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.
Onderstaande vacaturetekst is in de Friese taal gesteld om de onderstaande functie-eisen:
Onder het kopje Ynljochtingen staan de namen en gegevens van diegene die meer informatie omtrent deze vacature kunnen verschaffen.
Wy sykje in betûfte Taalkundich ûndersiker Frysk.
De ûndersiker sil meiwurkje oan it Online Nederlânsk-Frysk Wurdboek en taalkundich ûndersyk dwaan en opsette op it mêd fan it Frysk.
Funksje-ynhâld
Funksje-easken
Arbeidsbetingsten
Wy biede in tydlik tsjinstferbân, leafst yngeande 1 maaie 2021, foar de doer fan 3 jier, mei mooglikheid ta ferlinging. In tsjinstferbân yn dieltiid heart ek ta de mooglikheden. Ynskaling, mei ôfhinklik fan wurkûnderfining, is neffens Ufo-profyl ûndersiker 3 (skaal 11) of ûndersiker 4 (skaal 10) fan de cao Nederlandse Universiteiten. De Fryske Akademy hat in karmodel foar arbeidsbetingsten.
De Fryske Akademy is in multydissiplinêr ynstitút foar de geastes- en sosjale wittenskippen, dat him rjochtet op de kasus Fryslân. De Akademy bestudearret prosessen yn it Frysk, meartaligens, skiednis en regionale identiteit fan no en it ferline. As sadanich docht de Fryske Akademy fûneminteel en fernijend ûndersyk mei in direkt maatskiplik nut. De Akademy leveret fernijende wittenskiplike prestaasjes en ûntwikkelet digitale ûndersyksynstruminten en kolleksjes, dêr 't er de Fryske kasus foar it regionale, lanlike en ynternasjonale fuotljocht bringt. Dêrby wurket er gear mei ferskate nasjonale en ynternasjonale ynstituten. De Fryske Akademy is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) te Amsterdam.
We like to make it easy for you, sign in for these and other useful features: