Postdoc ûndersiker op it mêd fan de Fryske letterkunde (0,5 – 1,0 fte)

Postdoc ûndersiker op it mêd fan de Fryske letterkunde (0,5 – 1,0 fte)

Geplaatst Deadline Locatie
18 jan 26 feb Groningen

Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 26 feb 2023).

Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.

Postdoc Fryske lett

Functieomschrijving

Postdoc Fryske letterkunde
As fersterking fan ús ûndersyk op it mêd fan de Fryske letterkunde sykje wy in promovearre literatuerwittenskipper dy't goed ynfierd is yn de Fryske literatuer, skiednis en kultuer en selsstannich in ûndersyksprojekt opsette en útfiere kin.

Wy nûgje dy út om sels mei ideeën te kommen foar it ûndersyksprojekt. Wy ferwolkomje sawol in teoretyske, empiryske as ferlykjende oanpak, mar sjogge it leafst in kombinaasje; dêrby achtsje wy it meinimmen fan de neikommende aspekten yn it bysûnder fan belang:

- Maatskiplike relevânsje
It ûndersyk biedt ynsjoch yn de rol en posysje fan de Fryske letterkunde yn de maatskippij, yn relaasje ta tema’s lykas kultuer en identiteit, (ûn)belêzenheid, ûnderwiis en de posysje fan it Frysk as minderheidstaal.
- Wittenskiplike relevânsje
It ûndersyk wurdt pleatst yn in bredere histoaryske en/of komparative kontekst en is wittenskiplik sjoen relevant, sawol foar de Fryske letterkunde as foar de literatuerwittenskip as ynternasjonaal fakgebiet.
- Takomstich potinsjeel
It ûndersyk is potinsjeel út te wreidzjen en geskikt foar in langere ûndersyksline.

Taakstelling
- untwerp en útfiering fan in maatskiplik relevant ûndersyksprojekt yn it ramt fan de Fryske letterkunde, yn oerlis mei begelieders en oare belanghawwenden
- utfiering fan it ûndersyk: organisaasje, datasamling, -preparaasje (of -útwurking) en –analyze
- tarieden en publisearjen fan peer-reviewed artikels
- underhâlden fan kontakten mei relevante partners yn it Fryske en (ynter)nasjonale kennisfjild (yn Fryslân binne dat benammen Tresoar, de Fryske Akademy, Afûk en de NHL Stenden Hegeskoalle)
- nei bûten bringen / falorisearjen fan it ûndersyksprojekt
- organisaasje fan wurkbesites en konferinsjes
- besite oan konferinsjes en akademyske gearkomsten
- aktive rol binnen de ôfdieling Fryske taal en kultuer
- fersoargjen fan kolleezjes oer letterkunde en begelieden fan ôfstudearskripsjes fan studinten Frysk.

Organisaasje
De Fakulteit Letteren hat in lange tradysje fan ûndersyk en ûnderwiis, dy't mear as fjouwerhûndert jier weromgiet. It is ús missy om eksellint ûnderwiis oan te bieden en topûndersyk út te fieren. Wy binne sterk ynternasjonaal oriïntearre, mar ek stevich bewoartele yn Noard-Nederlân. Wy bouwe kennis op en diele dy mei de maatskippij. Wy wurkje yn in moderne, breed-oriïntearre en ynternasjonale organisaasje. Wy liede hast 6000 Nederlânske en ynternasjonale studinten op ta op 'e takomst rjochte, kommunikatyf feardige en ûnôfhinklike akademisy. Wy foarmje in team mei in grut ferskaat dat bestiet út 700 entûsjaste, hurdwurkjende meiwurkers.

Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG)
By Fryske taal en kultuer oan de RUG is it ús opdracht om ûndersyk te dwaan en ûnderwiis te fersoargjen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby pleatse wy de taal, skiednis en kultuer fan dy minderheid yn Nederlân altyd yn in bredere ynternasjonale en histoaryske kontekst. Us ûndersyk bestrykt ferskate wittenskipsgebieten, lykas taalkunde, skiednis en letterkunde. Wy ûntwikkelje in sa folslein mooglik pakket fan op de Fryske taal en kultuer rjochte fakken, dat wy oanbiede oan in studintepublyk mei in grut ferskaat. Wy stribje by al ús aktiviteiten nei gearwurking mei partners yn sawol it Fryske as it bredere (ynter)nasjonale kennisfjild.

Specificaties

Rijksuniversiteit Groningen (RUG)

Functie-eisen

Funksje-easken
- promovearre op in ûnderwerp yn de letteren, by foarkar op in Frysk letterkundich ûnderwerp
- frysktalich of op syn minst by steat om it Frysk goed te ferstean en te lêzen en fierders ree en by steat om yn in Frysktalige kontekst folweardich funksjonearje te kinnen. Frysk skriuwe kinne is in pree
- relevante akademyske publikaasjes
- teamworker, noflik yn de omgong
- ynternasjonaal oriïntearre, yn steat om it ûndersyk yn breder, ferlykjend perspektyf te pleatsen
- by steat om it ûndersyk te ferbinen oan maatskiplike fraachstikken
- kommunikatyf feardich en by steat om it ûndersyk te presintearjen, ek oan in breder publyk.

Arbeidsvoorwaarden

Dienstverband voor bepaalde tijd: 36 maanden.

Wat biede wy?

Wy biede in salaris dat ôfhinklik is fan dyn kwalifikaasjes en wurkûnderfining, mei in minimum fan € 3.974, en in maksimum fan € 5.439, - (salarisskaal 11) bruto yn 'e moanne by in fulltime oanstelling (CAO VSNU). Dêrneist krigest 8% fakânsjejild en 8,3% ein-fan-it-jier-útkearing en nimst diel oan it pensjoenfûns foar meiwurkers (ABP). Foar net-Nederlânske sollisitanten jilde mooglik oanfoljende geunstige belestingbetingsten. Wy biede 232 fakânsje-oeren jiers by in folsleine oanstelling.

De datum fan yn tsjinst kommen is leafst sa gau mooglik. Wy biede in kontrakt oan foar in perioade fan 3 jier. De fakatuereromte is 1 fte, mar fariaasjes yn omfang binne mooglik. It ferdielen fan de fte oer twa persoanen heart ek mei klam ta de mooglikheden. Wy nûgje elkenien dy't minder as 1 fte beskikber hat dan ek fan herten út om te sollisitearjen.

Specificaties

  • Postdoc
  • Taal en cultuur
  • max. 38 uur per week
  • max. €5439 per maand
  • Gepromoveerd
  • V23.0040

Werkgever

Rijksuniversiteit Groningen (RUG)

Lees meer over deze werkgever

Locatie

Broerstraat 5, 9712 CP, Groningen

Bekijk op Google Maps

Interesting for you