(Wittenskiplik) Lid fan de Ried fan Tafersjoch

Apply now
6 days remaining

(Wittenskiplik) Lid fan de Ried fan Tafersjoch

Deadline Published on Vacancy ID 1008088
Apply now
6 days remaining

Academic fields

Language and culture

Job types

Research, development, innovation; Policy and staff; Management

Education level

University graduate

Weekly hours

3—6 hours per week

Location

Doelestraat, 8911 DX, Leeuwarden

View on Google Maps

Job description

De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 in ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). 

Mei yngong fan 1 maaie 2025 binne wy op syk nei in
(Wittenskiplik) Lid fan de Ried fan Tafersjoch

De Fryske Akademy is in platte organisaasje, dêr't de wittenskippers, de (wittenskiplik) ûnderstypjende stêf en it lytse managementteam nau yn gearwurkje. Troch in kearnteam fan likernôch 15 ûndersikers, oanfolle mei projektmjittige en gastûndersikers, wurdt wurke oan heechweardich ûndersyk nei lange termynûntjouwingen fan de Fryske kasus yn Europeesk en komparatyf perspektyf, en ek nei spesifike tema’s en ûntwikkeling fan praktyske (digitale) tapassings yn de maatskippij.

De bestudearre tema’s fariearje fan taaldeskripsje, meartaligens en taallearen, ta skiednis, maatskippij, kultuer en identiteit, dy’t op projektmjittige basis útwurke wurde. Ut ekspertize wat it Fryske oanbelanget wurdt wurke oan grutte tema’s dy’t fierder rikke as Fryslân allinnich, en mei ekspertize fan partners wurdt op nije wize nei de Fryske taal, kultuer en skiednis sjoen.

De Fryske Akademy wol him noch sterker rjochtsje op kânsen foar talintearre ûndersikers en op multy- en ynterdissiplinêr ûndersyk, dêr't foar gearwurke wurdt mei regionale, nasjonale en ynternasjonale partners. Dêrneist wol de Fryske Akademy har posysje yn Europa fersterkje troch mei har ekspertize nei bûten te gean en kennis út te wikseljen. Koartlyn waarden dy ynspanningen as tige posityf beoardiele yn de eksterne evaluaasje neffens it lanlike SEP-protokol.

Ried fan Tafersjoch
De Stifting Fryske Akademy wurdt bestjoerd troch in direkteur-bestjoerder. De Ried fan Tafersjoch is belêste mei it tafersjoch op de algemiene gong fan saken yn de stifting en op it troch de direkteur-bestjoerder fierde behear en belied. De Ried bestiet op dit stuit út fiif persoanen. Troch it fertrek fan ien fan de sittende leden fan de Ried fan Tafersjoch, fanwegen it berikken fan de maksimale sittingsdoer, ûntstiet mei yngong fan 1 maaie o.s. de fakatuere fan lid fan de Ried fan Tafersjoch. Foar it nij te beneamen lid wurdt spesifyk socht nei in kollega mei in wittenskiplike eftergrûn, dan wol sterke affiniteit mei de wittenskip. Ynteressearren mei in romme wittenskiplike ûnderfining, dy’t beskikke oer de hjirûnder neamde spesifike kwaliteiten, wurdt fersocht te reagearjen:

  • wittenskiplik gesach, mei by foarkar oanwiisbere ûndersyksprestaasjes oangeande ien fan de ûndersyksmêden fan de Fryske Akademy;
  • alsidige bestjoerlike ûnderfining, benammen op it mêd fan wittenskiplik ûndersyk, heger ûnderwiis en relevante maatskiplike organisaasjes (ynklusyf de evaluaasje fan wittenskiplik ûndersyk);
  • goede konneksjes en in breed en aktyf netwurk mei yngongen yn relevante ynstitúsjes binnen, mar benammen ek bûten Fryslân, lykas OCW, NWO, KNAW, Erasmus +, European Research Council;
  • ûnderfining mei akwisysje fan ûndersyk en ûndersyksmiddels fia nasjonale en ynternasjonale rûtes;
  • bekendheid, affiniteit en belutsenens mei de taak, fyzje en missy en it wurkfjild fan de Fryske Akademy, en mei de spesifike maatskiplike en akademyske ûntwikkelings yn Fryslân en dêrûten;
  • ree en by steat om de wittenskiplike ûntwikkelingen binnen de Fryske Akademy ynhâldlik en ûnôfhinklik te beoardieljen.


Proseduere
Selektearre kandidaten wurde troch de Ried fan Tafersjoch fan de Fryske Akademy beneamd, op binende foardracht fan de KNAW, heard de Provinsje. Leden wurde beneamd foar in earste termyn fan fjouwer jier, wêrnei't werbeneaming foar in twadde termyn fan fjouwer jier mooglik is. Leden fan de Ried fan Tafersjoch ûntfange in fergoeding yn oerienstimming mei de ANBI-rjochtlinen.

Neiere ynformaasje oer dizze fakatuere wurdt jûn troch de foarsitter fan de seleksjekommisje, prof. dr. Jan Don, fia it e-mailadres direksjesekretariaat@fryske-akademy.nl.

Bestjoerders of wurknimmers fan de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen komme net yn oanmerking foar dizze funksje.

Sollisitearje
Stjoer jo motivaasjebrief en cv op 'en lêsten op 1 april 2025 nei de sollisitaasjekommisje û.f.f. ‘Sollisitaasje Lid RfT’. De petearen binne op woansdei 23 april tusken 15:00–20:00 oere, mei 24 april as reservedatum.

Apply now
6 days remaining