ien promovenda/-us

ien promovenda/-us

Geplaatst Deadline Locatie
23 nov 19 dec Leeuwarden

Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 19 dec 2022).

Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.

Functieomschrijving

Funksje ynformaasje

De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan Taalwittenskip, dan biede wy no in unike mooglikheid. Troch de gearwurking fan FA en UvA krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.

Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift. Fjouwer mooglike ûndersyksprojekten binne te finen yn de projektbeskriuwing ‘The Remarkable Resilience of Frisian’, mar do meist ek mei in eigen projektútstel komme. Dêrfoar kinst gebrûk meitsje fan it taheakke format.

Stânplak

De promovendus/-a komt foar in part by de Fryske Akademy yn Ljouwert en in part by de Universiteit van Amsterdam te wurkjen. Yn oerlis en mei each foar dyn persoanlike omstannichheden sil dat oer dy fjouwer jier tusken de 40 en 60% yn Ljouwert of Amsterdam wêze. De promoasje is oan de UvA.

Specificaties

Fryske Akademy

Functie-eisen

Dêrfoar binne wy op syk nei kandidaten dy’t goed thús binne yn de Fryske taal – foar in pear projekten op native nivo – en in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit hawwe mei de taalkunde (histoaryske taalkunde/filology, fonology/fonetyk, taalfariaasje, taalsosjology/ sosjolinguistyk) of letterkunde. Ek kandidaten mei in primêr komputsjonele/digital-humanities eftergrûn en affiniteit mei de Fryske taal kinne har oppenearje.

Funksje-easken

  • in mastertitel mei treflike sifers yn in oanbelangjend fakgebiet;
  • fereaske talekennis: sjoch de projektbeskriuwingen;
  • treflike akademyske skriftlike en mûnlinge feardichheden;
  • goede sosjale en organisatoaryske feardichheden;
  • grutte belangstelling foar in wittenskiplike karriêre.
  • oanfoljende easken per projekt steane yn de projektbeskriuwingen.

Arbeidsvoorwaarden

Dienstverband voor bepaalde tijd: 1 + 3 jier.

Oanstelling

Do wurdst foar in perioade fan 4 jier oansteld. Yn earste ynstânsje wurdt in kontrakt fan 1 jier oanbean, mei in ferlinging foar de folgjende jierren op grûn fan in evaluaasje fan, ûnder mear, in skriftlik ûndersyksresultaat. Wy biede in foltiidske promovendus-oanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier, leafst sa gau mooglik te begjinnen.

It salaris is, by in folsleine oanstelling, yn it earste jier € 2.541,- P skaal 0 smoarch yn 'e moanne, oprinnend oant € 3.247,- smoarch yn it lêste jier. Geunstige arbeidsbetingsten hâlde yn: fakânsjejild en einjiersútkearing, neffens de cao Nederlandse Universiteiten. Wy biede in rom pakket fan sekundêre arbeidsbetingsten.

Ferskaat & Ynklusy

De FA achtet in wurkomjouwing wêryn’t elkenien him wolkom en wurdearre fielt fan grut belang. In wurkomjouwing dêr 't omtinken yn is foar yndividuele kwaliteit en dêr 't ûntwikkelmooglikheden foarop steane. Mei-inoar stribje wy nei in ynklusive kultuer dêr 't wy ferskillen yn omearmje. Wy nûgje dan ek graach kandidaten út dy 't troch harren eftergrûn en ûnderfining hjiroan in bydrage leverje wolle. By gelikense geskiktheid giet de foarkar út nei de kandidaat dy 't it ferskaat binnen de FA en de UvA op dy wize fersterket.

Werkgever

De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân en leveret dêrmei in kritysk-opbouwende bydrage oan it ynternasjonale wittenskiplike debat en oan hoe't de mienskip him ûntjout. 

Al is de Fryske Akademy oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) liearre, it ynstitút sit stevich yn de regio bewoartele. 

Specificaties

  • PhD; Onderzoek, ontwikkeling, innovatie
  • Taal en cultuur; Gedrag en maatschappij; Techniek
  • max. 38 uur per week
  • €2541—€3247 per maand
  • Universitair
  • AT FA 20221124-2

Werkgever

Locatie

Doelestraat 8, 8911 DX, Leeuwarden

Bekijk op Google Maps

Interessant voor jou