De Fryske Akademy biedt yn gearwurking mei de Universiteit van Amsterdam ien promoasjeplak foar fjouwer jier op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Ast op syk bist nei in nijsgjirrich wurkplak dêr’tst selsstannich ûndersyk dwaan kinst en dêr’t belangstelling foar de Fryske taal ferbûn wurdt mei eigentiidsk ûndersyk oan ien fan de Europese topuniversiteiten op it mêd fan taalwittenskip, dan biede wy no in unike mooglikheid. Troch de gearwurking tusken Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam krijst tagong ta in sterke, ynternasjonale ûndersyksomjouwing en tagelyk ta spesjalistyske kennis oer Fryslân en de Fryske taal.
Do skriuwst yn fjouwer jier in proefskrift oer it tema ‘Tense, Mood and Aspect in Verbal Morphology of Old Frisian’. Dit ûndersyk is part fan it projekt ‘The Roots of Old West Frisian’ en leveret ek in bydrage oan de opbou fan de Taaldatabank. De projektbeskriuwing is taheakke by dizze advertinsjetekst.
Foar de útfiering fan it ûndersyksprojekt binne wy op syk nei kandidaten mei in eftergrûn yn of dúdlike affiniteit mei de taalkunde, benammen morfology en syntaxis en mei each foar histoaryske/diagroane aspekten. In oantoanbere affiniteit mei it Frysk en/of bestudearring fan de Fryske taal strekt ta oanbefelling.
Ferskaat & ynklusy
De Fryske Akademy achtet in wurkomjouwing wêryn’t elkenien him wolkom en wurdearre fielt fan grut belang. In wurkomjouwing dêr't omtinken yn is foar yndividuele kwaliteit en dêr't ûntwikkelmooglikheden foarop steane. Mei-inoar stribje wy nei in ynklusive kultuer dêr't wy ferskillen yn omearmje. Wy nûgje dan ek graach kandidaten út dy't troch harren eftergrûn en ûnderfining hjiroan in bydrage leverje wolle. By gelikense geskiktheid giet de foarkar út nei de kandidaat dy't it ferskaat binnen de Fryske Akademy en de Universiteit van Amsterdam op dy wize fersterket.
Dienstverband voor bepaalde tijd: 4 jier.
Oanstelling
Do wurdst foar in perioade fan 4 jier oansteld. Yn earste ynstânsje wurdt in kontrakt fan 1 jier oanbean, mei in ferlinging foar de folgjende jierren op grûn fan in evaluaasje fan, ûnder mear, in skriftlik ûndersyksresultaat. Wy biede in foltiidske promovendusoanstelling (38 oeren wyks) foar 4 jier, leafst sa gau mooglik te begjinnen.
It salaris is, by in folsleine oanstelling, yn it earste jier € 2.872,- P skaal 0 smoarch yn 'e moanne, oprinnend oant € 3.670,- smoarch yn it lêste jier. Geunstige arbeidsbetingsten hâlde yn: fakânsjejild en einjiersútkearing, neffens de cao Nederlandse Universiteiten. Wy biede in rom pakket fan sekundêre arbeidsbetingsten.
Fryske Akademy
De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonale wittenskiplike debat, draacht by oan it akademyske klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de mienskip. Op dy wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio bewoartele en is oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) liearre. It ynstitút dielt de kennis dy't opdien wurdt mei tal fan wittenskiplike ynstellingen en maatskiplike partijen yn binnen- en bûtenlân, lykas it Instituut voor de Nederlandse Taal (INT), it KNAW Humanities Cluster (HuC), Campus Fryslân/Ryksuniversiteit Grins (RUG) en it Centre for Language and Speech Technology (CLST – Radboud Universiteit).
Ynljochtingen
Foar mear ynformaasje kin kontakt mei prof. dr. Arjen Versloot opnommen wurde fia it e-mailadres a.p.versloot@uva.nl. Hy sil as earste promotor fan dit projekt optrede.
Stânplak
De promovendus komt foar in part by de Fryske Akademy yn Ljouwert en in part by de Universiteit van Amsterdam te wurkjen. Yn oerlis en mei each foar dyn persoanlike omstannichheden sil dat oer dy fjouwer jier tusken de 40 en 60% yn Ljouwert of Amsterdam wêze. De promoasje is oan de Universiteit van Amsterdam.
Wy ferwachtsje in refleksje fan 500 oant heechstens 1000 wurden op it ûndersyksprojekt, dêr’tst dyn fizy op it ûnderwerp en de oanpak beskriuwst. Dêrneist ûntfange wy fan dy graach in persoanlik motivaasjebrief en in cv, in oersjoch fan behelle diploma's en behelle sifers, in relevante ûndersykspaper en/of masterskripsje, mooglik mei in publikaasjelist en ien of twa referinsjes. Op basis fan dy stikken nûgje wy kandidaten út foar in petear. Details oer it fierdere ferrin fan de werving (as nedich) sille nei dat petear bekend makke wurde.
Sollisitaasjes úterlik 21 oktober 2024 foar 12 oere nei de Fryske Akademy stjoere.
Sollisitaasjepetearen binne pland yn de earste wiken fan novimber. De oanstelling kin oanslutend yngean, by foarkar net letter as 1-1-2025.
Wy ferwachtsje in refleksje fan 500 oant heechstens 1000 wurden op it ûndersyksprojekt, dêr’tst dyn fizy op it ûnderwerp en de oanpak beskriuwst. Dêrneist ûntfange wy fan dy graach in persoanlik motivaasjebrief en in cv, in oersjoch fan behelle diploma's en behelle sifers, in relevante ûndersykspaper en/of masterskripsje, mooglik mei in publikaasjelist en ien of twa referinsjes. Op basis fan dy stikken nûgje wy kandidaten út foar in petear. Details oer it fierdere ferrin fan de werving (as nedich) sille nei dat petear bekend makke wurde.
Sollisitaasjes úterlik 21 oktober 2024 foar 12 oere nei de Fryske Akademy stjoere.
Sollisitaasjepetearen binne pland yn de earste wiken fan novimber. De oanstelling kin oanslutend yngean, by foarkar net letter as 1-1-2025.
Solliciteer uiterlijk op 21 okt 2024 23:59 (Europe/Amsterdam).
We maken het je graag makkelijk, log in voor deze en andere handige functies: