in promovendus Speech technology and computational modeling of Frisian-Dutch Bilingual Speech: Switch, Loan & Change
Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 17 mrt)
Academic fields
Taal en cultuur
Job types
PhD; Onderzoek, ontwikkeling, innovatie
Education level
Universitair
Weekly hours
40 uur per week
Salary indication
€2901—€3707 per maand
De Stifting Fryske Akademy docht wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).
Campus Fryslân is de ambisjeuze alfde en nijste fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins, fêstige yn Ljouwert. Campus Fryslân is in ynterdissiplinêre fakulteit dy't nau gearwurket mei regionale, nasjonale en ynternasjonale partners oan wrâldwide (duorsumens)útdagings en lokale oplossings. De duorsume ûntwikkelingsdoelen fan de Feriene Naasjes foarmje dêrby in wichtige paadwizer.
Fryske Akademy en Campus Fryslân sykje in promovendus Speech technology and computational modeling of Frisian-Dutch Bilingual Speech: Switch, Loan & Change.
Wy sykje in promovendus foar in ynnovatyf projekt dat code-switching en lienferskynsels yn Frysk-Nederlânske twatalige spraak ûndersiket, dêr't laboratoariumsosjolinguistyk by kombinearre wurdt mei in moderne spraaktechnologyske oanpak. Dit projekt draacht by oan sawol teoretysk begryp fan twatalige spraak as praktyske tapassings yn spraakwerkenning.
Fokus fan it ûndersyk:
Fereaske kwalifikaasjes:
Underfining:
Wy biede:
Mear ynformaasje:
Diversiteit & ynklúzje
De Fryske Akademy hechtet wearde oan in wurkomjouwing dêr't elkenien him yn wolkom en wurdearre fielt. In wurkomjouwing dêr't omtinken yn is foar yndividuele kwaliteit en dêr't ûntwikkelingsmooglikheden yn foarop steane. Mei-inoar stribje wy nei in ynklusive kultuer dêr't wy ferskillen yn omearmje. Wy nûgje dêrom graach kandidaten út dy't mei harren eftergrûn en ûnderfining hjir oan bydrage wolle. By gelikense geskiktheid giet de foarkar út nei de kandidaat dy't it ferskaat binnen de Fryske Akademy fersterket.
Sollisitearje:
Akwisysje nei oanlieding fan dizze fakatuere wurdt net wurdearre.