Senior ûndersiker histoaryske wittenskippen
Academic fields
Taal en cultuur
Job types
Onderzoek, ontwikkeling, innovatie
Education level
Gepromoveerd
Weekly hours
38 uur per week
De Stifting Fryske Akademy docht mear as 85 jier wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, de meartalige maatskippij en de regionale skiednis fan Fryslân. Mei multydissiplinêr ûndersyk leveret de Fryske Akademy fernijende bydragen oan it ynternasjonaal wittenskiplik debat, draacht by oan it akademysk klimaat yn Ljouwert en Fryslân, en generearret ynspirearjende fûnemintele en tapasbere kennis foar en oer de maatskippij. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is sûnt 1987 in ûnderdiel fan de Fryske Akademy. Mercator docht ferlykjend en tapast ûndersyk yn Europa op it mêd fan meartalich ûnderwiis, taalbelied en taalfitaliteit, en ferbynt dat mei maatskiplike fraachstikken yn Fryslân. Op dizze wize wurket de Fryske Akademy oan wittenskip op nivo, mei each foar maatskiplike ympakt en basearre op in sterk engaazjemint mei Fryslân en de Friezen. De Fryske Akademy is stevich yn de regio ferankere en is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).
Wy binne op syk nei in:
Senior ûndersiker histoaryske wittenskippen
38 oeren wyks / 1,0 fte
Bisto in betûft ûndersiker en wolst bydrage oan heechweardich ûndersyk? Witsto de nijste wittenskiplike ynsichten en metoaden te ferbinen mei ús ûndersyksaginda en witsto in team fan ûndersikers dêryn te entûsjasmearjen? Dan sykje wy dy!
Wa sykje wy?
Wy sykje in senior wittenskiplik ûndersiker op it mêd fan de histoaryske wittenskippen, dy't mei syn of har ûndersyk in bydrage leverje wol oan ús ûndersyksaginda. In senior ûndersiker dy't by steat is om ynterdissiplinêr ûndersyk te stimulearjen, kollega’s oan te stjoeren en ús ûndersyksaginda mei foarm te jaan.
Wat silst dwaan?
Do ferrjochtest sawol selsstannich as yn teamferbân wittenskiplik ûndersyk op it mêd fan de histoarje binnen de ramten lykas opsteld yn ús Undersyksaginda 2023-2027 (Undersyksaginda 2023-2027 - Fryske Akademy). Omdat wy yn ús histoarysk ûndersyk de klam lizze op de lange linen yn it ferhaal fan Fryslân, en hoe't dy him yn de rin fan de iuwen ûntwikkelje, en hokker erfgoed dêrút fuortkomt, wurde der gjin easken steld oan it tiidrek dêr't de kandidaat yn spesjalisearre is. Wol giet ús foarkar út nei in senior ûndersiker dy't ûnderfining hat mei romtlik ûndersyk dat oanslute kin by it kennisgebiet De minske en syn omjouwing. Binnen dat kennisgebiet stiet de ynteraksje tusken minske en omjouwing sintraal en wurdt ûndersyk dien nei it romtlik aspekt fan de Fryske taal, kultuer, skiednis, erfgoed en maatskippij.
Do wurkest yn dyn ûndersyk nau gear mei kollega-ûndersikers en eksterne partners, setst ûndersyksprojekten op en fregest projektfinansiering oan. Do witst teoretyske en/of metodologyske ûndersyksfragen te ferbinen mei ferlet út de maatskippij wei en meitsje dêrby optimaal gebrûk fan de mooglikheden dy't de Fryske mienskip biedt. Do nimst it foartou yn it inisjearjen fan regionale, nasjonale en ynternasjonale gearwurkingen en subsydzje-oanfragen. Do bist ree om liedingjaande taken op dy te nimmen. Dêrneist lizze der moaie útdagingen om ús ûndersyksprosessen te optimalisearjen, dêr spilesto in aktive rol yn.
Dyn wurksumheden
Funksje-easken
Wat biede wy?
Oer de Fryske Akademy
De Fryske Akademy is it wittenskiplik ûndersyksynstitút dat ûndersyk docht nei de Fryske kasus en nei Europeeske minderheidstalen (ûnderdiel Mercator). It ynstitút foarmet de kearn fan de akademyske frisistyk yn Nederlân en fan kennis fan minderheidstalen yn Europa, en is stevich ynbêde yn de lanlike en Europeeske ûndersyksynfrastruktuer. De Fryske Akademy is liearre oan de KNAW en wurket nau gear mei KNAW-ynstituten en universiteiten. As relatyf lyts ynstitút mei in grut netwurk en grutte ambysje, hawwe wy in bysûndere posysje, dêr't yn frijheid ûndersyk dien wurde kin. Wy wurkje yn in platte organisaasje, dêr't meiwurkers selsstannich, selsstjoerend, selsachtsjend, mei entûsjasme en passy op kollegiale wize gearwurkje.
Wolst mear witte?
Wy wolle dy graach mear fertelle oer dizze funksje. Nim dêrfoar kontakt op mei Simon Halink, fia it e-mailadres shalink@fryske-akademy.nl of it telefoannûmer 058 -213 14 (resepsje).
Wolst sollisitearje?
Dan kinst dyn motivaasjebrief mei cv foar 8 febrewaris 2026 e-maile oan de Ofdieling HR, o.f.f. “Histoarikus-2026”. De sollisitaasjepetearen sille yn wike 8 hâlden wurde.