Undersyksmeiwurker - Fryske Akademy - Leeuwarden

Undersyksmeiwurker - Fryske Akademy - Leeuwarden

Geplaatst Deadline Locatie
12 okt 31 okt Leeuwarden

Je kunt niet meer op deze vacature solliciteren (deadline was 31 okt 2021).

Bekijk het actuele vacature aanbod of kies een item in de hoofdnavigatie hierboven.

Functieomschrijving

Foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartalichheid en Taallearen sykje wy in Undersyksmeiwurker.

Taken

  • Meiwurkje oan nije projekten en ûndersyk op it terrein fan meartaligens en taallearen (regionaal en ynternasjonaal);
  • Yn gearwurking mei ynternasjonale relaasjes skriuwen en redigearjen fan Regionale Dossiers;
  • Yngongsetten en útfieren fan nije projekten op it med fan meartaligens & ûnderwiis;
  • Yn tiimferbân organisearjen fan kongressen en seminars;
  • Mei-skriuwen oan artikelen foar nijsbrieven.

By dizze funksje leit de klam op it redigearjen fan Regionale Dossiers en in tal nije projekten dy’t meast in ynternasjonale kontekst hawwe.

Specificaties

Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW)

Functie-eisen

Funksje-easken:

  • Universitêre of Hbû-oplieding op it mêd fan taal, meartaligens en/of ûnderwiis, eventueel kommunikaasje & ynformaasje mei dúdlik ynteresse foar taal en ûnderwiis;
  • Underfining mei ûndersyk en projektmjittich wurkjen;
  • Bekend mei autochtoane minderheidstalen en ûnderwiis;
  • Tige goeie redaksjonele feardigens yn it Ingelsk;
  • Behearsking fan it Frysk yn skriuwen en sprekken;
  • Beskikke oer goeie sosjale en kommunikative feardichheden;
  • Selsstannich wurkje kinne.

Arbeidsvoorwaarden

Oanstelling
De oanstelling is tydlik, foarearst foar in jier. Ofhinklik fan oplieding en wurkûnderfining is it salaris by in folslein tsjinstferbân op syn meast € 3.606,- smoarch yn ’e moanne (UFO-profyl ûndersyksmeiwurker nivo 3, skaal 8, cao Nederlandse Universiteiten).

De Fryske Akademy hat in karmodel foar arbeidsbetingsten.

It wurkplak is op de Fryske Akademy.

Werkgever

Fryske Akademy

De Fryske Akademy is in multydissiplinêr ynstitút foar de geastes- en sosjale wittenskippen, dat him rjochtet op de kasus Fryslân. De Akademy bestudearret prosessen yn it Frysk, meartaligens, skiednis en regionale identiteit  no en yn it ferline. As sadanich docht de Fryske Akademy fûneminteel en fernijend ûndersyk mei in direkt maatskiplik nut. De Akademy leveret fernijende wittenskiplike prestaasjes en ûntwikkelet digitale ûndersyksynstruminten en kolleksjes,

dêr 't er de Fryske kasus foar it regionale, lanlike en ynternasjonale fuotljocht bringt. Dêrby wurket er gear mei ferskate nasjonale en ynternasjonale ynstituten. De Fryske Akademy is liearre oan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) te Amsterdam.

Afdeling

Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy. It is in platfoarm foar minderheidstalen yn Europa en rjochtet him op opdwaan, fersprieding en tapassing fan kennis en docht dêrta ûndersyk, ûndernimt ferskate aktiviteiten en fiert projekten út.

Specificaties

  • Onderzoek, ontwikkeling, innovatie
  • Gedrag en maatschappij; Taal en cultuur
  • max. 30.4 uur per week
  • max. €3606 per maand
  • HBO
  • AT2021-153

Werkgever

Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW)

Lees meer over deze werkgever

Locatie

Doelestraat 8, 8911 DX, Leeuwarden

Bekijk op Google Maps

Interesting for you